Searje 36

  • Uitgelicht

Searje 36 is dé metoade foar it fak Frysk yn it fuortset ûnderwiis. In komplete metoade mei in trochgeande learline fan klasse 1 oant en mei de eksamenklassen. Troch de gearwurking mei it tydskrift LinKk altyd up to date, oandacht foar kulturele eveneminten as SjONG en FeRstival, taalgames en romte foar Fryske skiednis en kultuer.

Beskriuwing

  • Foar de brêgeklasse kinst kieze foar de Lesserige, in folslein programma foar it hiele skoaljier. In oare opsje is de Projektmjittige oanpak, dêr’t it tydskrift LinKk mear sintraal stiet en dêr’tst mei de klasse oan nijsgjirrige projekten wurkest.
  • Doch! stiet foar nijsgjirrige projekten, foar alle klassen, dy’t keppele binne oan leardoelen yn de fiif taaldomeinen. Dêrneist binne gearwurking en kreativiteit wichtich en wurdt der tawurke nei in einprodukt.
  • By Lear! wurkje de learlingen oan harren yndividuele taalfeardigens, lykas stavering en grammatika, mar hawwe ek taaleigen en eksamentrening in plak.
  • Foar de twadde faze is Undersykje! makke. Learlingen ferdjipje harren yn de Fryske taal, kultuer en skiednis om sa harren ûndersyksfeardichheden te oefenjen.
  • Searje 36 is fergees foar alle skoallen yn Fryslân.
  • Do kinst dyn skoalle fia dit formulier oanmelde foar it fergees lesmateriaal.

Mear ynformaasje

Sjoch op https://searje36.frl


To top
Searje 36 - Taalplan Frysk 2030