Op 30 oktober 2025 wie der wer in edysje fan “Fierder mei Frysk”, it kongres foar dosinten en studinten Frysk út it fû en mbû. In prachtige middei mei in nijsgjirrige plenêre presintaasje fan Mirjam Günther-van der Meij en Myrthe Coret-Bergstra fan it lektoraat Meertaligheid & Geletterdheid fan NHL Stenden oer motivaasje foar skriuwen by jongerein, in spetterjend optreden fan de winners fan SjONG 2025 (Max Bouma en Luuk & Jurre) en seis nijsgjirriche wurkwinkels. De presintaasje wie yn hannen fan Amarinske Bouma fan Cedin Onderwijs.
Der wie noch in ekstra priisfraach foar dejinge mei de moaiste Fryske oersetting fan it wurd “energizer”. De winnende oersetting is “opskodder” By de ôfslútende buorrel koene de 70 besikers noch efkes gesellich neiprate en dêrnei op hûs oan mei in tas fol ynspiraasje en in soad moai Frysk materiaal foar op skoalle.