No online: de Lapekoer, de nije Fryske ‘Lezen voor de Lijst’ 

26 novimber 2026

De nije online katalogus foar it Fryske boek is yn de loft. De katalogus hat de namme de Lapekoer en is in fernijing fan Lêze foar de list, de Fryske ferzje fan Lezen voor de Lijst.  

By de jierlikse stúdzjemiddei Fierder mei Frysk op 5 novimber waard de webside lansearre. Op de webside binne alle boeken yndield op lêsnivo en oanfolle mei ynformaasje oer de skriuwer, opdrachten dy’t yn te setten binne yn it fuortset ûnderwiis en keppelings nei biblioteken dy’t it boek oanbiede.  

De katalogus befettet op it stuit fan lansearring hûndert boeken, mei as hûndertste boek it nij út te kommen Terpelân. Terpelân giet oer in Fryslân fan de takomst, dat ûnder wetter stiet en dêr’t de mysterieuze magister elkenien yn de gaten hâldt. It boek is skreaun troch Jorrit de Klerk yn it ramt fan it projekt LêsNo.   

It oanbod fan de Lapekoer wurdt yn de takomst stapke foar stapke útwreide. Ek wurde de mooglikheden ferkend om de webside út te wreidzjen mei mear boarnen en materiaal relatearre oan de Fryske literatuer.

De Lapekoer is te finen fia www.delapekoer.frl 

Diel dit artikel:


To top
No online: de Lapekoer, de nije Fryske ‘Lezen voor de Lijst’  - Taalplan Frysk 2030