Hoe win ik learlingen foar it Frysk as eksamenfak? Watfoar materiaal is der foar de boppebou? En hoe komme de eksamenprogramma’s der aanst út te sjen? Dy en oare fragen stiene sintraal op in gearkomste oer it eksamenfak Frysk ein jannewaris. De middei wie ornearre foar dosinten Frysk dy’t al lesjouwe oan eksamenklassen én dosinten dy’t dwaande binne om it Frysk as eksamenfak op te setten op harren skoalle. Want… noch net earder wie der safolle ynteresse by skoallen foar fuortset ûnderwiis om it eksamenfak oan te bieden.
Njoggentjin dosinten fan fjirtjin ferskillende fû-skoallen kamen byelkoar yn It Reade Hynder yn Wommels. Sy waarden ynformearre oer de aktualisaasje fan de eksamenprogramma’s, krigen flyers en posters om learlingen te winnen en oar promoasjemateriaal en harken nei dosinten Tjeerd Kooistra (Liudger Burgum) en Idske Bangma (AMS Frjentsjer) dy’t fertelden hoe’t it eksamenfak Frysk by harren op skoalle stal krigen hat. Fansels wie der ek omtinken foar wat Searje 36 te bieden hat foar de boppebou en Marlous Visser fan de provinsje Fryslân beäntwurde fragen oer de formele kant fan it opsetten fan it Frysk as eksamenfak. Ta eintsjebeslút wie der ek romte foar fragen en útwikseling tusken ‘nije’ en ‘besteande’ eksamendosinten.
Al mei al in ynspirearjende middei en wa wit in histoarysk momint… want soe dit de earste oanset wêze ta it ferdûbeljen fan skoallen mei Frysk as eksamenfak?!