Taalplan Frysk 2030

De Fryske taal is ûnskiedber fan de Friezen en ús identiteit. In taal om grutsk op te wêzen én yn te ynvestearjen. As provinsje wolle wy alle bern yn Fryslân in kâns biede om de Fryske taal te learen. Dêrom moat uterlik yn 2030 it fak Frysk op alle basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis op foldwaande nivo oanbean wurde. By foarskoalske edukaasje, mbo, hbo, universiteit en it spesjaal ûnderwiis kieze wy foar it fuortsterkjen fan de trochgeande learline. Sa komme bern fan alle jierren yn oanrekking mei de Fryske taal, fan berne-opfang oant heger ûnderwiis. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) en ûnderwiisburo Semko. Mar boppedat wurkje wy mei dosinten, skoallen en skoalbestjoeren. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Frysk, foar no en letter.

Lêste Nijs

De trijetalige basisskoalle

Trijetalige skoallen hawwe yn ‘e ôfrûne jierren in flinke ympuls jûn oan it meartalich ûnderwiis. In sertifisearre trijetalige skoalle foldocht oan in dúdlike kwaliteitsstandert foar Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Elke trijetalige skoalle kleuret it taalprofyl yn op in eigen unike wize. Yn dit filmke folgje wy basisskoalle ‘t Holdersnêst yn De Harkema. Skoalstiper Aant Jelle…

Mear lêze

Fryske lesmetoaden en tydskriften fergees foar skoallen

Alle skoallen yn it (spesjaal) primêr en fuortset ûnderwiis krije fan takom skoaljier ôf fergees Frysk lesmateriaal oanbean. Yn it primêr ûnderwiis giet it om de digitale metoade Spoar 8 en it tydskrift Tsjil. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis krije fergees tagong ta de digitale lesmetoade Searje 36 en ûntfange it tydskrift LinKk. It fergees…

Mear lêze

Nijsbrief Taalplan Frysk foar maaie

Dizze wike binne de nijsbrieven foar primêr en fuortset ûnderwiis wer nei de skoallen stjoerd. Wolsto de nijsbrieven sels ek yn de mail ûntfange? Skriuw dy dan yn fia de webside fan Cedin. Kies foar de opsjes Frysk primêr ûnderwiis en/of Frysk fuortset ûnderwiis.

Mear lêze

Marije Reitsema wint Fryske foardrachtwedstriid FeRstival

Marije Reitsema út Bûtenpost hat de 78e edysje fan FeRstival wûn, de Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn De Harmonie yn Ljouwert makke sy de measte yndruk op de sjuery mei har foardracht fan it gedicht ‘Ferlegen’ fan Elske Kampen. De finale fan FeRstival hie al earder plakfine sillen, op 11 desimber…

Mear lêze

Proeftún Meartaligens yn it fuortset ûnderwiis

Yn de Proeftún Meartaligens wurde Fryske taal en keunst- en kultuerûnderwiis oan elkoar ferbûn. Ien of mear keunstners sette har maksimaal 30 oeren de skoalle yn en jouwe gastlessen. De ynhâld en grutte fan it projekt wurdt ôfstimd op de winsken fan de skoalle. Ek de kar fan it oantal groepen leit by de dosint.…

Mear lêze

Nijsbrief Taalplan Frysk 2030 foar febrewaris

Begjin dizze wike binne de nijsbrieven oer Taalplan Frysk 2030 foar primêr en fuortset ûnderwiis nei de skoallen stjoerd. Wolsto de nijsbrieven sels ek yn de mail ûntfange? Skriuw dy dan yn fia de webside fan Cedin. Kies foar de opsjes Frysk primêr ûnderwiis en/of Frysk fuortset ûnderwiis.

Mear lêze

Foarskoalsk

Primêr ûnderwiis

Fuortset ûnderwiis

mbû

hbû / universiteit

Spesjaal ûnderwiis